Nederlands Nederlands - Fries Frysk - hfsinnema@frysko.nl - 06 5111 0108



Bedriuwsorganisaasje advys


In soad wurkjouwers fan bedriuwen hawwe problemen mei harren status as DGA.
Se binne de tûzenpoat yn it bedriuw, mar se kinne har aai net kwyt.
Der is net ien oan wa't se echt fertroulike saken kwyt kinne.
Te tinken falt oan likwideitsproblemen, opfolging, it goeie organisaasjemodel, oannimmen en goeie gearstalling fan personiel, funksje- en beoardielingspetearen, min nijs boadskip en gean sa mar troch.
Ik kin dêr jo feedback yn wêze en jo hantrekkens jaan oer hoe't it eventueel oars kin of moatte soe. Gjin grutte rapporten mar ienfâldich en dúdlik no-nonsense advys. By wiidweidiger en mear spesifike opdrachten sil yn oerlis mei de opdrachtjouwer de help fan spesjalisten ynroppen wurde.

Copyrights © Frysko - Bedriuw en advys | Algemiene betingsten

Frysko op LinkedIn