Nederlands Nederlands - Fries Frysk - hfsinnema@frysko.nl - 06 5111 0108



Begelieding by bedriuwsoername


In bedriuw ferkeapje of keapje dogge jo net samar.
Dêr is in gedachtetrajekt oan foarôf gien, lykas:

By ferkeap:

Wol ik al of noch net ferkeapje; Hoefolle is myn bedriuw sawat wurdich; Wannear en hoe begjin ik myn foarnimmen; Wa nimt it bedriuw oer; Is it management of famyljelid gaadlik foar in bedriuwsoername. En sa binne der noch folle mear fragen dêr't ik jo yn advisearje kin.

By keap:

Wat wurdt myn strategy fan it bedriuw; Skaalfergrutting troch oername of autonome groei; Wat type bedriuw heart by ús; Wat moat in oer te nimmen bedriuw kostje; Earst gearwurkje en dan fusearje; Hoe moat de yntegraasje fan it personiel ferrinne.
En sa binne der noch folle mear fragen dêr't ik jo yn advisearje kin.

In bedriuw ferkeapje of keapje kin gefolgen hawwe as it foarnimmen te gau bekend makke wurdt. Dêrom wurde yn ’t foar de doelstellings, kânsen, wearde en it trajekt dat ôflein wurde moat goed yn byld brocht. We neame dat de tariedingsfaze. De aktive ferkeapfaze en ôfrûningsfaze komme dêrnei. Yntusken binne we al in tal moannen of miskien sels wol in jier of langer fierder. Mar wêr't it om giet is it resultaat!

Copyrights © Frysko - Bedriuw en advys | Algemiene betingsten

Frysko op LinkedIn