Advystrajekt nei de bedriuwsoprjochting
Sadree't jo bedriuw oprjochte is en jo selsstannich binne, is feedback tige wichtich.
Fragen as:
- Is jo ferkeap goed op oarder, is de akwysysje goed regele
- Komme der genôch opdrachten binnen
- Is de finansjele administraasje op oarder
- Foldogge de automatisearring en webside oan jo winsken
- Is personiel nedich en hoe dan fierder
Op al jo fragen dy't yn de rin fan de tiid nei foaren komme, kin ik jo as jo persoanlik adviseur in antwurd jaan. Foar in leech bedrach kinne jo as starter in jierabonnemint ôfslute. Binnen it abonnemint kin ik jo op elk winske momint begeliede en advisearje.
As jo dat winskje kin dat advystrajekt fia email of sosjale media rinne. Mar ek in persoanlik petear is mooglik. Sa witte jo krekt wat jo kwyt binne oan kosten en hawwe jo dochs kontinu kontakt mei jo fertrouwenspersoan.

